Beurs Oan De Ketting

Beurs Oan De Ketting

Sample Text

作词 : Pieter Gysbert Zijlstra

作曲 : Amateur Surgeon/Sijmen Mc Donald

[Intro: Jurjen, Pieter, Sijmen]

J: Yo Pieter

P: Ja

J: Wêrom hasto eigenlik altyd dyn beurs oan in ketting?

P: Haha... noo, dêr sit best in ferhaal efter... wolst de koarte gearfetting of de hiele mikmak?

J: No, ik ha wol even de tiid

P: Oké, uhh, Sijmen!

S: Ja?

P: Kinsto in beat spylje?

S: Uuh, jawol

*piano begjint te spyljen*

P: Top, oké ik sil even, even slokje...

S: Soksawat?

P: Yo, is goed

[Verse 1]

Rinnend oer de strjitte is der ien ding net te missen

Myn swarte learen beurs haw ik oan de ketting lizzen

Guon dy freegje al: "Is dat yn de moade?"

Nee mefrou ik ha dat ding hurd noadich

It ferhaal hoesa spilet him ôf yn Sweden

Op in Stockholms terras fan de Burger Kening

Ik hie wat omstapt en ik kriich wol sin yn wat

Dus gau in snelle hap wie foar my de koartste klap

No ik koe wol pinne, en dat ha ik witten

Hie it iten binnen, en soe fierder gean rinne

Mar ik kriich it gefoel dat er wat net doogde

Ik fielde myn bûsen, en woe der net oan leauwe

Mar de beurs wie fuort, en de ynhâld ek

Dus yniens hie ik, oan jild gebrek

Ja ik kin der nó, moai oer fertelle

Mar ik bin bestellen, by it bestellen

[Chorus]

In koarte gearfetting

Ik ha de beurs oan de ketting

Ja jo kinne my herkenne

Oan de beurs oan de ketting

In koarte gearfetting (in koarte gearfetting)

Ik ha de beurs oan de ketting (hat de beurs oan de ketting)

Ja jo kinne my herkenne (jo kinne him herkenne)

Oan de beurs oan de ketting (oan de beurs oan de ketting)

[Verse 2]

Jaa, sa kin it rinne

Fan sa "moai fut" nei praktysk blut

Sinten? Fuort! Buskaart? Fuort!

Bankpas? Fuort! ID kaart? Fuort!

Rydbewiis? Fuort! Bonuskaart? Fuort!

Donald Duck abonnemintpas? Fuort!

We hawwe doe noch by it ôffal socht

Mar ek dat foel ôf, it wie om 'e nocht

Ik waard der wis fan, in bûsehifkerrr

Makke dêr sa, myn bûsen lichter

Fan De Burger Kening, gjin hulpverlening

"Uh we don't save the video surveillance"

Ik fûn ik wol wat frjemd, en ik wit net oft it wier wie

It like my wol sterk, dat dy kamera foar de sier wie

Doe de bank belle, ha myn paske mar blokkeard

Ik tocht dat ik op tiid wie, ‘aanst giet it ferkeard’

Mar wat blykte letter, ik seach ris op myn rekken

De boef hat fan myn pinpas èk in burger sitte fretten

[Chorus]

In koarte gearfetting (no ja, koart?)

Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

Ja jo kinne my herkenne (je moatte der al wenne)

Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

In koarte gearfetting (ik fyn dit net koart)

Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

Ja jo kinne my herkenne (ik moest der al oan wenne)

Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

[Verse 3]

Leave eltsenien

Pas op dyn pas want do hast der mar ien

No de oaredeis haw ik oanjefte dien

Op it plysjeburo en dêr frege ik ien

"Kom ik noch werom sûnder ID?"

En de plysjeman sei "Gjin idee"

"Yn dit soart saken bin ik net bedreaun

Skylje mar mei de ambassadeur"

No, oan de tillefoan mei de ambassade

Fan ‘hoe kom ik no troch de dûane’

En dy stjoerden my, wer nei de fleanmaatskippij

Fan de muorre nei it sket, kaam der ea noch in ein?

Mar doe mocht ik nei hûs mei in hiele goeie útlis

In paspoartkopy en in oanjefteútskrift

Paspoart lei noch thús, koenen se 'm ek net stelle

"Kin mem dy even scanne?"

Se fûn 't al raar dat'k belle

Ienkear op it fleanfjild, alles regeld, alles print

Waard der troch gjinien nei frege, it hie hielendal gjin sin

Enfin, no ja, der falt in protte oer te sizzen

Mar myn moaie nije beurs haw ik oan de ketting lizzen

[Chorus]

In koarte gearfetting

Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

Ja jo kinne my herkenne

Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

In koarte gearfetting

Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

Ja jo kinne my herkenne

Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs)

[Outro: Sijmen, Teun, Pieter]

T: Wat moet je nou met zo'n gast?

Wat moet je nou?

S: Hé, is't goed?

Beurs Oan De Ketting

Beurs Oan De Ketting

Sample Text

00:00 / 00:00